Enerzjysunich inisjatyf mei houtsnippers yn de Fryske Wâlden

17 feb 2017 - 12:02

Houtsnippers út de Fryske Wâlden wurde brûkt foar it ferwaarmjen fan bygelyks swimbaden of skoallen yn 'e regio. Dat is de ynset fan in nij projekt fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden, Landschapsbeheer Friesland en de oerheid. Trochdat der hast gjin transport by sjen komt, is it in enerzjysunich inisjatyf. Dizze wike is it bedriuw Frisia Bergum yn Jistrum oan 'e gong mei it kappen fan elzebeammen. Sy dogge it wurk foar de boer, dy't offisjeel eigener is fan it stik natuer.

De Noardlike Fryske Wâlden wol nammentlik boeren temjitte komme, dy't sels gjin tiid hawwe om harren elzebeammen en houtwâlen te ûnderhâlden. Sy nimme it wurk oer fan de boeren, dy't harren dêrtroch dwaande hâlde kinne mei oare bedriuwssaken. Neffens de Noardlike Fryske Wâlden soarget dat derfoar dat de biodiversiteit ferbetteret: dat der mear ferskillende planten en bisten yn it gebiet sitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)