Rjochter yn dongsilosaak: "Gefaren net yn kaart brocht"

17 feb 2017 - 11:28
De dongsilo yn Makkingea dêr't trije deaden foelen - Foto: ANP

By de rjochtbank yn Zwolle is de saak oer it ûngelok mei de dongsilo yn Makkingea begûn. Yn 2013 kamen trije manlju om by it skjinmeitsjen fan de silo. De direkteur fan it skjinmakbedriuw stiet foar de rjochter. Hy wurdt derfan fertocht dat er de risiko’s by it skjinmeitsjen net goed ynskat hat.

Neffens de rjochter is it opfallend dat de gefaren net yn kaart brocht binne wylst elkenien de gefaren fan dongstoffen ken. Ek wie der neffens de rjochter gjin deugdlik needplan. Neffens saakkundigen rammele it wurkplan oan alle kanten.

De meiwurker fan it skjinmakbedriuw krige te min lucht omdat de luchtkap lek wie. De fertochte ûntkent dat der lekkaaazje yn it ademmasker wie. Neffens de fertochte wie it in abnormale situaasje om’t der spuiwetter taheakke wie. Hy hat tritich jier sûnder ûngelokken wurke, mar yn Makkingea hat de tafoeging fan spuiwetter fataal west.

Yn de rjochtbank binne in soad neibesteanden oanwêzich.

Trefwurden: 
rjochtsaak Makkingea dongsilo
(Advertinsje)
(Advertinsje)