Bouput achter De Wyldeman

De bouput achter Hotel De Wyldeman is in protte Lemsters min nei it sin. Sûnt it fallisemint fan de projektûntwikkeler leit de bou stil. De 'Súderstaete' liket der no dochs te kommen. De oannimmers, Knol Beton- Wetterbou & heiwurken fan Akkrum en Wösten GMBH út Dútslân hawwe de grûn en de plannen fan de kurator oankocht. Se wolle no mei de oarspronklike bouplannen trochgean. Yn it gebou komme apparteminten en in winkel.