LIVE: Folgje de rjochtsaak oer it dongsilodrama

Trije deaden yn dongsilo, Makkingea © ANP
By de rjochtbank yn Zwolle wurdt de saak fan it dongsilo-ûngelok fan Makkingea behannele. By dit drama kamen op 19 juny 2013 trije manlju om it libben. De rjochtsaak draait om de skuldfraach. It Iepenbier Ministearje ferwyt it bedriuw en de direkteur dat se de Arbeidsomstandighedenwet oertrêden hawwe. Dêrtroch binne libbensgefaarlike situaasjes ûntstien. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak en docht ferslach fia Twitter.