Ljouwerters oanhâlden nei wylde achterfolging troch de stêd

17 feb 2017 - 06:16

De plysje hat tongersdeitenacht fjouwer Ljouwerters oanhâlden. It giet om twa jonges fan 18 jier en twa sussen fan 16 en 17 jier. Se sieten by elkoar yn de auto. Ien fan de jonges siet sûnder rydbewiis achter it stjoer. Dêr hie er al fjouwer kear earder in boete foar krigen. De jonge ried mei hege snelheid oer it Cambuurplein. Nei't er parkearre hie, rûnen de plysjes nei syn auto om de bestjoerder te kontrolearjen. Op dat stuit joech de Ljouwerter fol gas en naaide er út.

De plysje sette de achterfolging yn. Mei 100 kilometer yn de oere gie it by it Cambuurstadion del. De Ljouwerter negearre de stoptekens fan de plysje, gie linksom oer in rotonde en ried slingerjend oer de dyk. Uteinlik wist de plysje him op de krusing Bleeklaan mei it Noordvliet oan de kant te setten. De auto wie fan de mem fan de twa sussen. Dy wist nearne fan. De auto is yn beslach naam. De bestjoerder sit noch fêst, de oaren mochten nei ferhoar nei hûs.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert achterfolging
(advertinsje)
(advertinsje)