Hier donearje en fergees nei musical Hair yn De Harmonie

17 feb 2017 - 05:00

By stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert wurdt fan tongersdei ôf hier ynsammele. De musical Hair spilet oant en mei snein yn it teäter en dy grypt dat oan om hier yn te sammeljen foar de Stichting Haarwensen. Der steane yn de foyer twa kappersstuollen wêrop minsken harren hier knippe litte kinne. Dêr stiet dan in fergees kaartsje foar de musical tsjinoer. Mei al it hier dat ynsammele wurdt, wurde minsken holpen dy't troch in sykte gjin hier mear hawwe.

Der is by de 17-jierrige Marije Koopmans fan Nij Altena 35 sintimeter fan har hier ôfhelle. "Ik ha noch hier en dy bern hawwe dat net. Dus ik gun in oar myn hier", fertelt Marije, dy't al sûnt ôfrûne simmer mei de gedachte spilet om hier te donearjen.

Hierwurkspesjalist Frederik Timme fan Timme Haircreations is tige wiis mei de donaasje fan Marije: "Ik bin hiel bliid mei har. Dit is perfekt hier!" Hy hopet dat der de kommende dagen noch folle mear minsken komme om in part fan harren hier te donearjen. Marije soe it sa wer dwaan: "Ik ha der totaal gjin spyt fan. It is wer ris wat oars!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)