Guus Hiddink Frysk ambassadeur

24 okt 2011 - 17:07

Nimmen minder as âld-bûnscoach Guus Hiddink wurdt as ambassadeur fan Fryslân ynset. Doel is it grutte sportevenemint World Sport for All Games foar 2016 nei Fryslân te heljen. It ynternasjonale sportevenemint biedt sûnt 1992 in poadium oan tradisjonele streeksporten foar tûzenen sporters út de hiele wrâld. Sa hie in delegaasje fan fierljeppers út Fryslân en Noard-Hollân yn 2008 noch in soad sukses doe't it evenemint yn Korea holden waard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)