Gaos by slaanderij yn pizzeria, trije neven frijsprutsen

16 feb 2017 - 22:16
Foto: Omrop Fryslân

Trije neven dy't begjin augustus 2015 belutsen wienen by in massale fjochtpartij yn in pizzeria oan de Tsjerkestrjitte yn Bûtenpost, binne tongersdei troch de plysjerochter frijsprutsen. Se waarden fertocht fan iepenlike geweldpleging.

Neffens de rjochter wie it in wyldeboel yn de pizzeria. Ien fan de fertochten die it noch it meast tinken oan in 'saloonfight' sa as je dy op telefyzje sjogge: tsientallen fjochtsjende minsken en pizza's dy't troch de loft fleagen. Tritich boarden en seis tafels sneuvelen. 

Wurden mei freondinne

De eigener fan de pizzeria wist net wat him oerkaam. Oanlieding fan de slaanderij wie dat ien fan de neven, in 33-jierrige Twizeler, yn de pizzatinte wurden krigen hie mei syn freondinne. Fanút in groep út Westergeast soene dêr opmerkingen oer makke wêze. Mar net ien woe tajaan dat hy dejinge wie dy't de earste klap útdielde.

Tsjin de grûn

De twadde neef, in 39-jierrige ynwenner fan Twizel, soe de Westergeastmers útdage ha. De neven seine dat se oanfallen wienen troch de groep út Westergeast. De 39-jierrige man soe tsjin de grûn slein wêze. De tredde neef, in 32-jierrige ynwenner fan Twizelerheide, soe pas yn byld kaam wêze doe't de fjochtpartij al lang en breed oan de gong wie.

Twivel

De offisier fan justysje twivele. Hy koe net út it dossier gewaarwurde oft de neven no de oanfallers wienen of dat se allinne mar út selsferdigening hannelen. By twivel moat frijspraak folgje. Dêr frege de offisier dus ek om. De rjochter naam dat foarstel oer.

Skeakleem

De rjochter sei noch wol tsjin de trije broers dat it se frij stiet om foar de skea noch wat te regeljen mei de eigener fan de pizzasaak. Dy hie in skeakleem yntsjinne, mar dy koe fanwege de frijspraak net tawiisd wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)