Basketballers Aris ferlieze dramatysk tsjin Den Bosch

16 feb 2017 - 21:46
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris Ljouwert hawwe tongersdeitejûn dramatysk ferlern yn en tsjin Den Bosch. De Brabanners wûnen de wedstriid mei mar leafst 103-55. Al nei it earste kwart kaam Aris op efterstân (22-18) en dy rûn foar rêst út nei 48-29. Ek nei it skoft wie Den Bosch dúdlik de bettere ploech. Fia 80-44 yn it tredde kwart, waard Aris mei in ferskil fan hast 50 punten weromstjoerd nei Ljouwert.

Aris sels wie ek bot teloarsteld en tinkt dat it ferlies benammen komt troch de blessueres fan de spilers. "Gelukkig hebben we na vandaag 10 dagen geen wedstrijd en kunnen spelers herstellen van de nare blessures. Snel vergeten en op naar de belangrijke wedstrijden tegen Amsterdam en Weert. Maar eerst de pijntjes laten herstellen", sa skriuwt de basketbalklup hoopfol op Twitter.

Trefwurden: 
Aris basketbal Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)