Nijbouplannen foar fersoargingshûs Finke yn Koudum

16 feb 2017 - 20:32

Fersoargingshûs Finke yn Koudum moat yn de takomst in folle gruttere funksje foar de regio krije. Dy winsk hat it doarp dellein by soarchgroep Patyna. Dy sil de kommende jierren op in grut tal lokaasjes ferbouwe en ien dêrfan is Koudum. It hjoeddeiske fersoargingshûs wurdt sloopt en dêr komt in lytsskalige wenfoarm foar werom. Ek komt der in grut sintraal gebou dat, as it oan it doarp leit, mear biede sil as aktiviteiten en soarch foar âlderein. Der hat ek oerlis west mei oare doarpen, om te sjen wêr't dy ferlet fan ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)