FIDEO: Biografy oer romanskriuwster Cissy van Marxveldt

16 feb 2017 - 20:08

De romans fan Cissy van Marxveldt binne net by elkenien bekend, dochs ha miljoenen famkes se lêzen. Hûndert jier nei it earste boek fan Van Marxveldt hat Monica Soeting no in biografy oer har skreaun. Sy hat jierren dwaande west mei de research en it skriuwen dêrfan. Cissy hjitte eins Setske de Haan en se kaam fan Oranjewâld. Se gong nei de HBS, begjin 20e iuw. Se lies sels in protte en tocht dat se sjoernaliste wurde woe, se hat noch in blauwe moandei wurke by de Drachtster krante. Sjoernalist Karen Bies is sljocht op de bakfiskromans.

(Advertinsje)
(Advertinsje)