Soarchgroep Hof en Hiem wint priis foar feilich iten

16 feb 2017 - 17:42

Soarchgroep Hof en Hiem hat foar it twadde jier efterinoar in Veiligvoedsel Award krigen. Dy prizen binne in inisjatyf fan Veiligvoedsel.nl. Dizze stichting jout sertifikaten oan organisaasjes dy't foldogge oan de heechste feilichheidseasken, as it giet om it bewarjen en klearmeitsjen fan iten. Hof en Hiem hat al njoggen jier sa'n sertifikaat en is al foar de twadde kear winner fan de award yn de kategory Beste Zorggroep.

(advertinsje)