Skier fynt ûnderdak foar de hierders fan De Riich

16 feb 2017 - 17:34
De fjoertoer fan Skiermûntseach - Foto: ANP

Skiermûntseach hat alternative lokaasjes fûn foar de hierders fan de rekreaasjeseal fan De Riich. De seal fan it senioarekompleks wurdt sloopt, omdat it der min oan ta is en in opknapbeurt tefolle jild kostet.

De deibesteging foar demintearjende âlderen ferhuzet nei it Koningshuis oan de Nieuwestreek. Foar de kofjemoarnskoften dy't yn De Riich hâlden waarden, wurdt útwykt nei de foyer fan it kultureel moetingssintrum oan de Langestreek. By beide giet it om in tydlike lokaasje, nei in defintive oplossing wurdt noch socht.

Trefwurden: 
De Riich Skiermûntseach
(Advertinsje)
(Advertinsje)