Marc Winters wurdt nije direkteur fan Thialf

Iisstadion Thialf op It Hearrenfean hat in nije direkteur. Marc Winters folget Willem Jan van Elsacker op. Winters hat earder ûnder oare by Martiniplaza yn Grins wurke. Hy hat in soad ûnderfining yn it ûntwikkeljen fan nije konsepten.
Thialf wol yn de takomst mear as allinnich in iisstadion wêze. Neffens Thialf is Marc Winters dêr de oanwiisde persoan foar.