Karnaval yn Fryslân: wêr en hoe?

22 feb 2017 - 15:00
  • Ferslachjouwer Wytse Vellinga oer it karnaval (1)
  • Ferslachjouwer Wytse Vellinga oer it karnaval (2)

Yn it suden fan it lân begjint oankommend wykein it katolike feest karnaval. It hiele suden leit fan 25 oant en mei 28 febrewaris stil. Ek yn Fryslân wurdt op ferskate plakken karnaval fierd, mar yn Fryslân is it it minst populêr fan it lân. De ferskillen tusken it Fryske en it Brabânske karnaval binne grut.

"Tijdens carnaval in Brabant ligt alles stil. Scholen zijn dicht en het hele dorp viert feest. In Friesland vieren maar een aantal dorpen carnaval” seit Jelle van Wijk út Frjentsjer. Hy wennet sûnt syn fyfde yn Fryslân. Dêrfoar wenne hy yn Den Bosch. “Overal in het zuiden worden activiteiten georganiseerd zoals een optocht en een carnavalsconcert. In Friesland is dat niet zo, daar ga je niet verkleed naar de kroeg.”

In katolyk feest

Karnaval komt fan de Italiaanske wurden 'carne levare'. Dat betsjut it ‘hifkjen en weinimmen fan fleis’. Fanâlds is karnaval in ytfeest, omdat it de lêste mooglikheid wie om te iten foar de fêsteltiid dy’t dêrnei kaam. Ek wie it de gewoante om by it karnavalsfeest de belangrike minsken, wa’t it foar it sizzen hienen, de gek oan te stekken mei maskers en fermommingen. Noch hieltyd ferklaaie minsken harren mei karnaval.

Dat karnaval yn Fryslân net populêr is, hat neffens Jelle neat te krijen mei it feit dat it in katolyk feest is. “Het zit gewoon niet in het cultuurtje van de Fries. Net als Groningers en mensen uit Drenthe overigens. Het wordt in Noord-Brabant zó massaal gevierd. Er zijn in de regio van Den Bosch alleen al zestig optochten. In de gehele provincie Friesland nog geen tien.”

Karnaval yn Fryslân

Yn Fryslân wurdt op in oantal plakken karnaval fierd. Dizze doarpen binne fan oarsprong katolyk. Hjirûnder stiet in oersjoch mei de plakken dêr't karnaval fierd wurdt.  

Ek dit jier wurdt it feest yn ús provinsje fierd. Hjirûnder steane de data fan de optochten fan de ferieningen:

Snits (Drabbelterp): sneon 25 febrewaris 
Steggerda (Steggerda): sneon 25 febrewaris
Bakhuzen (Bokkedam): datum folget
Blauhús (Fyfkesryk): snein 26 febrewaris
De Tynje (Pipegaelsgea): sneon 25 febrewaris

By sa’n optocht ride fersierde weinen troch de strjitten. Foar Prins Karnaval is dit elk jier in moai momint.

Prins Karnaval

By karnaval heart fansels ek in Prins. Yn Snits is dat Hendrik Feenstra, oftewol: Prins Hendrik II

"Ik sis altyd mar: it is dyn eigen feestje. Wy fiere karnaval ek net allinnich yn Fryslân, mar we gean ek faak nei oare stêden ta. Sa ha wy foarich jier yn Zwolle en Nijmegen west. Dit jier geane wy ek nei Maastricht en Breda. It is skitterjend om Prins te wêzen.

"We bestean 44 jier. Dat hawwe wy grut fierd mei 36 oare ferieningen út it hiele lân. Ek dêrby is ien nedich dy't de haadrol hat en dat is Prins Karnaval. Je binne eins in soarte boargemaster fan it karnaval. Der wurde spesjale dingen foar dy organisearre, sa as by optochten. Eins moatst as Prins Karnaval de feriening promoatsje."

Mar hoe wurde je no Prins Karnaval?

"By ús hast it Vorstendom, dat binne âld-prinsen, dy't byinoar yn konklaaf gean. Dêrút komme nammen. Wannear't elkenien ynstimt mei in bepaalde namme, dan wurdt hy frege. Oant de Prins ‘ja’ seit, is it geheim wa't it Vorstendom frege hat. Je binne ek mar ien jier Prins. Us earste Prins hat trije kear Prins west, mar dat wie sa omdat der doe noch net genôch minsken meidienen mei ús feriening. Foar my is it in hiele grutte eare om Prins Karnaval te wêzen. Nei dizze karnavalsedysje moat ik ôftrede. Dat bart de 11e fan de 11e, 11 novimber dus. Dat hyt by ús de 'abdicatie'. Tusken karnaval en de tiid dat ik ôftreed, bin ik Aspirant-Vorst. Op 11 novimber blykt pas oft ik myn wurk goed dien haw. As dat sa is, kom ik ek by it Vorstendom, mar ik moat my earst wol bewize."

Mar... wat is der sa leuk oan karnaval?

"Karnaval is eins feest fiere mei syn allen. Dat is echt karnaval. Kinst lekker dysels wêze. Mar karnaval is ek in feest foar elkoar. De freed foar karnaval gean wy nei âldereintehûzen. De minsken hawwe der altyd nocht oan dat we komme. We dogge de polonêze yn it tehûs en rikke prizen út. We meitsje in feestje mei ússels, mar ek mei inoar. En ast dêr iepen foar stiest, is it hartstikke leuk."

Trefwurden: 
karnaval
(advertinsje)