Wat hat The Voice ús Fryske finalisten brocht?

17 feb 2017 - 12:00

De finale fan The Voice of Holland is freed op telefyzje. Dit jier stean der gjin Friezen yn de finale, mar dat hat wolris oars west. Iris Kroes wûn yn 2012, Johannes Rypma waad twadde yn 2013 en Gerrie Dantuma waard tredde yn it seizoen dêrop.

Hoe sjogge se werom op har Voice-aventoer? 

Johannes: “It wie foar my in moaie tiid. It wie wol grappich en ik haw der in protte lol hân. Ik seach it ek mear as in TV-programma as as in echte wedstriid. Do moatst net te gedreven meidwaan."

Gerrie: “Foar my wie The Voice eins ien grut aventoer. Dat wie wol hiel leuk. Ik haw der in hiele leuke tiid hân."

Iris: “As ik werom tink oan The Voice, tink ik: Echt geweldich. Ik haw no myn dreambaan. Ik haw der allinnich mar in hiel soad oan te tankjen.”

Wat hat The Voice jim opsmiten?

Johannes: “The Voice hat my wol wat opsmiten. Foar't ik meidie oan The Voice trede ik ek wol op, mar dochs hat The Voice my wol bekendheid en in bulte optredens opsmiten. Dat jildt no ek foar myn band, The Bounty Hunters. Mar dy band haw ik noch mar twa jier. Ik haw de band sels foarme mei maten. Ik haw in gitarist socht en de drummer siet by my yn de keet.”

Gerrie: “Neist in moaie erfaring hat it my fansels ek in stikje bekendheid opsmiten. En ik haw der mear optredens troch krigen. Ek haw ik no krekt, eins ek troch The Voice, eigen nûmers opnommen. Tom Dijkman, de drummer fan Marco Borsato, koe Henk Pol út Ljouwert. Hy is de songwriter en producer fan myn EP. We hawwe de EP mei syn trijen skreaun. Heleen Roosdorp hat ek noch meiskreaun. Tom Dijkman hat drumd.”

Iris: “It hat my optredens en sels in teätertoer opsmiten. Dat hie ik eins nea dreame kinnen. Ik sjoch in hiel soad. Net allinnich yn Nederlân, mar ek yn it bûtenlân. Ik hie fansels nea tocht dat it sa gean soe. It is hartstikke leuk allegearre en it is myn baan.”

Sjogge jim no ek oars nei talinteshows?

Johannes: “Ik sjoch wol oars nei TV-programma's no't ik meidien haw oan The Voice. As ik TV sjoch, tink ik faak: Dat is krekt wat oars gien, mar op TV komt it wol sa út ‘e ferve. Mar sa giet it eins altyd. As se my ynterviewe, stiet it altyd oars yn de krante as ik it sein ha.”

Gerrie: “Ik sjoch der wol oars nei no’t ik sels meidien haw. Ik kin my wol ferpleatse yn de minsken dy't der stean. Foaral hoe't it wurket en hoe't it is om dêr te stean. Sjochst der wol oars nei.”

Iris: "Ik sjoch ek oars nei talinteshows. Dat komt omdatst sels ek meidien hast en ja hiel faak sjoch ik der ek net mear nei, krekt dêrom. Omdat ik dan tink ‘Oh by my wie it doe sa, witst wol?’ Myn seizoen wie it alderleukst en leuker kin it foar my yn elk gefal net wurde." 

Wat binne jim plannen foar de takomst?

Johannes: “Der moatte ek nochris bern komme. Nee, dat is gekkichheid. We hawwe krekt in nij nûmer opnaam, dat komt ein maart út. Ek binne wy dwaande mei in nûmer oer it skûtsjesilen."

Gerrie: “Yn de takomst bliuw ik foaral optredens dwaan. Dat fyn ik noch altyd hiel leuk. En no't myn EP út is, wol ik eins ek myn eigen nûmers yn myn optredens sjonge.”

Iris: “Ik bin no drok dwaande mei nije muzyk. En dat hoopje ik foar de simmer út te bringen en wat der nei de simmer bart, wit ik noch net. Ik wit net oft it in album of in single wurdt, mar der sil ek wol wer in konsertrige oan fêstsitte. “

Folgje jim The Voice ek noch altyd?

Johannes: “Ik haw neat mei The Voice. Ik bin as grap opjûn en sa haw ik ek meidien. Foardat ik meidie, seach ik net nei The Voice en no, fjouwer jier letter, ek net mear.”

Gerrie: “Ik sjoch noch wol altyd nei The Voice, mar ik bliuw der net foar thús. As ik in kear net thús bin, dan sjoch ik it letter wer werom.”

Iris: "Ik folgje it ek net mear, dat komt omdat ik der faak net bin." 

(Advertinsje)
(Advertinsje)