Flamingo's snappe follybalsters fan VC Snits net

16 feb 2017 - 16:36
VC Snits (hjir op argyffoto) - Foto: Martin de Jong

De Limboarchske follybalklup Flamingo's fynt de reaksje fan VC Snits oer it ferpleatsen fan harren wedstriid spitich. "Wij zijn enkele maanden geleden ook op een doordeweekse dag voor een competitiewedstrijd naar Sneek gereisd. Als team hadden we daar geen probleem mee, al moesten ook bij ons speelsters vrijnemen. Wij hebben toen ook niet om compensatie gevraagd of stampij gemaakt", seit Jos Gröniger fan de Flamingo's tsjin de Limboarchske regionale omrop L1.

Nije wike sneon soene beide ploegen it tsjin mekoar opnimme yn Gennep. De sporthal is dan allinnich net beskikber, dêrom is de wedstriid mei goedfinen fan it follybalbûn NeVoBo ferpleatst nei de freedtejûn. Neffens VC Snits soe it ferpleatsen te krijen hawwe mei it karnaval, dat sneons úteinset. Dat de wedstriid no ferpleatst is, is kompetysjeferfalsing neffens de Snitsers. Dêrom sille de follybalsters ûnder protest spylje en wol de klup kompensaasje hawwe fan it follybalbûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)