Syktocht yn Van Harinxmakanaal hat neat opsmiten

16 feb 2017 - 16:28

In syktocht fan de plysje yn it Van Harinxmakanaal by Ljouwert hat neat opsmiten. De plysje wie oan it sykjen omdat in frou woansdeitejûn melde dat se sjoen hie dat ien it wetter yngien wie. De plysje hat doe fuortendaliks socht, mar dat wie dreech, omdat it tsjuster wie.

Tongersdei is oeren socht, mar neat fûn. De plysje giet der fanút dat der net ien yn it wetter leit, omdat der net ien as fermist opjûn is en omdat der mei alle mooglike ynset socht is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)