Talant makket begryplike krante oer ferkiezingen

16 feb 2017 - 16:26
Foto: Talant

Soarchorganisaasje Talant hat foar syn kliïnten in spesjale krante makke oer de Twadde Keamerferkiezingen. De krante is skreaun yn begryplike taal. Talant wol de minsken mei in ferstanlike beheining sa helpe om har ta te rieden op de ferkiezingen. Mar de krante kin ek minsken helpe dy't net goed lêze kinne. Yn de krante wurdt útlein wat de Twadde Keamer docht, wêrom't we stimme en hoe't dat krekt giet.

Talant biedt soarch en stipe oan minsken mei in ferstanlike beheining. Fjouwer kear yn 't jier bringt de organisaasje in temakrante út: de Weetkrant. Yn begryplike taal wurde aktuele ûnderwerpen útlein en diskear binne dat dus de Twadde Keamerferkiezingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)