Artysten trije dagen nei Gryn foar Oerol-projekt

16 feb 2017 - 16:11

Mar leafst 118 artysten reagearren op de oprop fan Oerol en Natuurmonumenten om trije dagen op Gryn troch te bringen, mar der is mar plak foar in pear. Tongersdei binne de gelokkigen bekend makke, it giet om Liset Moerdijk en Rutger Bergboer fan Prins te Paard. Sy sille trije dagen nei it fûgeleilân en oan de hân fan wat se dêr belibje, sille se in projekt meitsje foar Oerol 2017.

Moandei 20 febrewaris begjint harren aventoer op Gryn.

Trefwurden: 
Oerol Prins te Paard Gryn
(Advertinsje)
(Advertinsje)