Weststellingwerf krijt beliedsplan foar beammen

16 feb 2017 - 16:10
Foto: ANP

Weststellingwerf krijt in beliedsplan foar hoe't der mei de beammen yn de gemeente omgien wurde moat. Dan giet it derom wannear't beammen wol of net kapt wurde meie en wêr't en wannear't der nijen plante wurde. De gemeente wol de beammen yn Weststellingwerf sûn hâlde en sa âld mooglik wurde litte. Mar kwaliteit giet wol foar kwantiteit, is de bedoeling. Yn it plan stiet ek wat der barre moat as beammen siik wurde. De gemeenteried moat it beammebeliedsplan noch goedkarre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)