UNIS Flyers spilet yn spesjale Amref-shirts tsjin Den Bosch

16 feb 2017 - 15:59
Flyers Pippo Limnell Finocchiaro, Adam Bezak en Brent Janssen mei de spesjale Amref-shirts

De iishockeyers fan UNIS Flyers fan It Hearrenfean spylje de wedstriid fan freed tsjin Den Bosch yn spesjale shirts. Dêrmei freegje se omtinken foar it wurk fan Amref Flying Doctors. Twa manlju fan It Hearrenfean sette har yn foar dy stichting en ha it inisjatyf foar de aksje naam. Yn oktober fytse se goed 400 kilometer op de mountainbike by ferskate ûntwikkelingsprojekten yn Afrika del. Om jild binnen te heljen, wurde de shirts fan de iishockeyers nei de wedstriid feild.

(Advertinsje)
(Advertinsje)