Keunstkring baalt dat dichterbeneaming net yn Balk is

16 feb 2017 - 15:45

De Keunstkring Gaasterlân is swier teloarsteld dat de beneaming fan de 'Dichter fan Fryslân' net yn Balk is, mar yn Boalsert. De provinsje hat dat bekend makke. De Keunstkring is der al in jier mei oan de gong en hie der grutte plannen mei.

De beneaming hie yn de Menistetsjerke wêze sillen, dêr't dichter Herman Gorter syn ferneamde gedicht 'Mei' skreaun hat. Der soe ek in poëzyfestival en in eksposysje komme. De Keunstkring hopet dat de provinsje noch op it beslút weromkomt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)