Antoniussikehús hat nije technyk foar opspoaren blaaskanker

It Antoniussikehús yn Snits hat in nije technyk yn 'e hús helle om blaaskanker flugger fêststelle te kinnen. Mei de nije systoskoop kin de artsen tumoaren yn de blaas earder sjen. Hoe earder blaaskanker ûntdutsen wurdt, hoe grutter de kâns op in suksesfolle behanneling is. De technyk kin ûnder it sprekoere tapast wurde, it freget gjin spesjale tarieding fan de pasjinten.
Elk jier krije sa'n 6500 minsken yn Nederlân blaaskanker, dêrmei stiet dizze kankerfoarm sawol foar manlju as froulju yn de top10 fan kankersoarten.