Fúzje tusken Stenden en NHL is wer in stap tichterby

16 feb 2017 - 14:06

De meisizzenskipsrieden fan de NHL Hegeskoalle en Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert, stimme yn mei de fúzjeplannen fan de hbo-ynstellingen. De kolleezjes fan bestjoer fan de hegeskoallen sille no it Ministearje fan Underwiis om goedkarring freegje.

Dit hearre se nei alle gedachten noch foar de simmer. It is de bedoeling dat de bestjoerlike fúzje op 1 jannewaris 2018 in feit is, wêrnei't yn septimber fan dat jier de nije hegeskoalle begjinne kin.

Yn 2015 giene de meisizzenskipsrieden fan de NHL en Stenden net akkoart mei de fúzjeplannen. Nei fierder oerlis mei de kolleezjes fan bestjoer stean se no dus wol achter de plannen.

Trefwurden: 
Fúzje NHL Stenden
(Advertinsje)
(Advertinsje)