Cambuur hat hast folslein fitte seleksje

16 feb 2017 - 12:58

Trainer Sipke Hulshoff hat foar de útwedstriid freed tsjin Almere City FC de beskikking oer in hast folslein fitte seleksje. Farshad Noor, Danny Bakker en Tyrone Conraad binne blessearre. Jamiro Monteiro is skorst. De rest fan de seleksje kin spylje.

Sander van de Streek begjint op de bank. Hy kin, nei in hamstringblessuere dy't hy op 21 jannewaris oprûn, freed sa'n 30 minuten spylje. Nei teloarstellende wedstriden tsjin De Graafschap en Fortuna Sittard hopet Cambuur op in goed resultaat yn Almere.

"Almere is in lykweardige tsjinstanner, dy't krekt as Cambuur foarút fuotbalje wol", sa seit trainer Hulshoff. "Dat kin in foardiel foar ús wêze". Hulshoff woe noch gjin opstelling bekend meitsje. Jurjan Mannes spilet foar Monteiro op it middenfjild. De rest fan de opstelling wurdt freed bekend.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)