Syktocht nei persoan yn Van Harinxmakanaal by Ljouwert

16 feb 2017 - 10:57

De plysje siket op it stuit yn it wetter fan it Van Harinxmakanaal by Ljouwert nei in persoan. Der is in melding binnenkaam dat der immen yn it wetter lizze soe.

Neffens de plysje is der lykwols net ien as fermist opjûn. Dochs wurdt der no socht, om der wis fan te wêzen dat der nimmen is.

(advertinsje)
(advertinsje)