De feiten fan it dongsilodrama yn Makkingea

17 feb 2017 - 05:14

Freed wurdt by de rjochtbank yn Zwolle it dongsilo-ûngelok fan Makkingea behannele. By dit drama fan 19 juny 2013 kamen trije manlju om it libben. De rjochtsaak draait om de skuldfraach. Mar wat barde der no krekt yn dy silo en yn de tiid dêrnei? In oersjoch.

It is 19 juny 2013 as twa meiwurkers fan it spesjalisearre bedriuw Heeres Mix en Pomp Techniek fan Abbegea dwaande binne mei it skjinmeitsjen en reparearjen fan in dongsilo yn Makkingea op it hiem fan feehâlderij De Tulderse Hoeve. Ien fan de mannen giet mei in soerstofmasker de silo yn. De oare man bliuwt boppe oan de ljedder stean. Dêrneist is der noch in leanwurker dwaande mei it fuortpompen fan de dong.

Ut de tiid

Dan rekket de man yn de silo út de tiid troch de oanwêzige gassen. Syn kollega op de ljedder sjocht it, ropt om help en giet -  sûnder soerstof - de silo yn. mar ek hy rekket bewusteleas. As tredde lit ek de leanwurker him yn de silo sakje.
Op dat momint lizze der trije mannen yn de silo. De feehâlder sjocht dit en giet ek ûnbeskerme nei ûnderen. As lêste sil ek in oanwêzige hovenier noch de silo yn, mar de feehâlder stjoert him werom. As de feehâlder de trep wer opgiet, rekket ek hy healweis bewusteleas en falt nei ûnderen.

Wanhoopsaksje

De heit fan de feehâlder warskôget de helptsjinsten. Hy besiket mei syn trekker noch in gat yn de silo te riden om der frisse lucht yn te krijen, mar dat slagget net. De earste ambulânsemeiwurkers dy’t oankomme, kinne fanwegen de ûnfeilige situaasje neat dwaan.

Pas as de brânwacht arrivearret kinne twa brânwachtmannen mei parslucht de silo yn. Uteinlik knipt de brânwacht in gat yn de silo en wit sa de fjouwer slachtoffers út de silo te heljen. Allinnich de leanwurker oerlibbet it ûngelok. De trije deadlike slachtoffers binne 26, 29, 42 jier en komme fan De Jouwer en Nijlân.

Undersyk

Der wurdt in ûndersyk ynsteld troch de Onderzoeksraad voor Veiligheid. En der wurdt ek in detaillearre rekonstruksje makke. Ut it ûndersyk blykt dat de ademapparatuer net geskikt wie foar de wurksumheden yn de dongsilo. Ek ûntbrutsen der middels om in rêdingsaksje út te fieren. Neffens in ynspekteur waard de dongsilo it jier dêrfoar noch ôfkard fanwegen feilichheidsredenen.

Rjochtsaak

It Iepenbier Ministearje ferwyt it bedriuw en de direkteur dat se de Arbeidsomstandighedenwet oertrêden hawwe. Dêrtroch binne libbensgefaarlike situaasjes ûntstien. Yn earste ynstânsje waard der troch it Iepenbier Ministearje in oanklacht foar dea troch skuld yntsjinne, mar yn oktober 2015 waard de direkteur fan Heeres Mix en Pomp Techiek oertrêding fan de Arbeidsomstandighedenwet ferwiten.

Rjochtsaak wol of net yn Fryslân?

Om de lokaasje fan de rjochtsaak hinne is fan te foaren noch wol wat te dwaan. Earst wie it de bedoeling dat de saak yn Ljouwert foarkomme soe. Dêrnei waard Almelo de lokaasje, omdat de offisier fan justysje seit dat alle swierdere ekonomyske strafsaken behannele wurde moatte foar de mearfâldige keamer yn Almelo. Uteinlik wurdt de saak yn Zwolle behannele, omdat de saak oandroegen is by de konsintraasjerjochtbank yn Oerisel. Dêrom kin de saak allinne foarkomme by in rjochtbank yn Oerisel en net yn Ljouwert.

Der wurdt úteinlik foar Zwolle keazen, omdat Zwolle tichterby Fryslân leit as Almelo. Tjalling van der Goot is de advokaat fan de fertochte. Hy hat in tolk regele, omdat de fertochte him yn it Frysk better uterje kin.

De saak begjint freed om 10:00 oere. Omrop Fryslân is der de hiele dei by.

(advertinsje)
(advertinsje)