Tal Friezen mei WW-útkearing nimt wer in bytsje ta

16 feb 2017 - 08:32

It tal Friezen mei in WW-útkearing naam ôfrûne moanne ta yn fergelyk mei in moanne earder. Yn jannewaris krigen hast 19.000 minsken in útkearing, sa'n 700 mear as yn desimber. Dat docht bliken út sifers fan it UWV. Neffens de útkearingsynstânsje hat de taname benammen te krijen mei seizoenwurk.

As we sjogge nei in jier earder, dan sitte der folle minder Friezen yn de WW. Yn fergelyk mei in jier lyn is it tal minsken yn ús provinsje mei in útkearing nei ûnderen gien mei goed 12,5 prosint.

Dêrmei docht Fryslân it krekt wat better as Grinslân (-8,7%) en Drinte (-9%).

Kânsen

It UWV is dêrneist ek optimistysk oer de banekânsen foar de rest fan it jier. Sa tinkt it UWV dat minsken yn de technyk, yndustry, bou, soarch en ICT goede kânsen ha wurk te finen.

Trefwurden: 
WW útkearing UWV
(advertinsje)
(advertinsje)