Kollum: "De taak foar ús generaasje!"

16 feb 2017 - 08:26

"Dit, Jacob… is it lûd fan myn hagelnije scanner. Juster is er binnen kommen. Oan ‘e boppekant stoppest der papieren yn: alle brieven en papierkes dy’t ik fan ôf no krij gean der yn. Dat ding set it om nei in kompjûterbestân en oan ‘e foarkant komt it papier der wer út. Feitlik kin ik dy brieven en papierkes dan fuortgoaie.

In programmaatsje dat by de scanner levere wurdt, kin de letters op it papier werkenne. Dat betsjut dat it net in domme kopy is, mar dat myn kompjûter de letters en wurden fine kin. Ik bedoel: wannear ik aanst yntyp: nijjiersborrel Omrop Fryslân, dan floept de brief dy’t ik dêr ea oer krige op myn skerm. En dat is dan grappich, mar ek fersekeringspoalissen en kontrakten kin ik straks op dizze manier fine en trochsykje op ynformaasje.

Dy scanner is best wol in djoer ding. Ik woe der nea oan: it nimt mar wer stroom, stiet yn ‘e wei en kompjûterbestannen kinne weireitsje of jatten wurde. Sa tocht ik. Mar der is wat oan it feroarjen de lêste jierren.

Ik moat fêststelle dat ik de lêste jierren hielendal gjin kompjûterbestannen mear kwytrekke bin. Sterker noch: ik bin substansjeel mear papieren kwytrekke. Miskien ha ik se noch wol, mar ik ha gjin idee wêr. Ik ha mappen en sa, mar der lizze hjir gewoan in pear grouwe steapels papier mei ik-wit-net-wat. ‘Nog uitzoeken’, want sa leuk is dat net. Mar dat ik dat net doch, dêr rin ik pas tsjinoan wannear’t it te let is.

It punt is: myn kompjûter is no goed befeilige, minstens sa goed as myn papieren. Dat kin tsjintwurdich. Boppedat komme hieltyd mear dokuminten sawiesa al digitaal binnen. Ek wichtige dokuminten. En dat befalt my wol: yn de kompjûter kin ik saken wól werom fine.

Mar net alles komt dus noch digitaal binnen. Fan it iene bestiet no de hiele santekream digitaal, bygelyks wat mei myn telefoan te krijen hat, en fan it oare bestiet alles op papier, bygelyks wat mei myn auto te krijen hat. Teminsten, hast alles.

Dus ik ha no twa systemen: it iene op papier en it oare digitaal. En ik tink dat elkenien no twa systemen hat. En dêrom is it ús plicht - ja ja, do ek - om dit te feroarjen! Alteast, in freon dêr’t ik it der mei oer hie sei: in scanner, ja, dat is de taak fan ús generaasje… ús bern ha alles allinnich digitaal.

We ha gjin fan beiden bern, mar do snapst wol wat er bedoelt.

Dus in scanner. Papier kin ek fergean, kapot, stellen en kwytrekke. Dus scanne en fuort der mei. De scanner stiet op it plak dêr’t earder myn grutte bult mei ynkommen papieren lei. Sa twing ik mysels it fuortendaliks op te romjen. Feroaring is goed en je moatte josels der soms ta sette.

Wannear't dit de taak is fan ús generaasje, de transysjegeneraasje, dan sil ik dit dwaan! Grutsk! We binne it ús bern ferplichte! Fan myn soarchpoalis oant it lêste parkearbontsje! Yn dit hûs gjin deade beammen mear!

Freegje ik my al ien ding ôf. Doar ik it echt oan om fan no ôf alle ynscande papieren fuort te goaien. Of groeit der straks earne oars yn myn hûs dochs wer sa’n steapeltsje."

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)