Lichem yn auto Harnzer Feart is fan 71-jierrige Arumer

© CAMJO media
It lichem dat woansdeitemiddei yn in auto yn de Harnzer Feart by Wytmarsum fûn waard, is fan in 71-jierrige man út Arum. Neffens de plysje is der net sprake fan in misdriuw, mar is de man om it libben kaam doe't er mei syn auto yn it wetter bedarre.
It liket der neffens de plysje op dat de auto al wat langer yn it wetter oan de Hemerterlaan lein hat. De plysje ûndersiket noch hoe't en wannear't de auto yn it wetter rekke is.