Kamp: Gjin proefboarringen yn de Waadsee mear

15 feb 2017 - 21:16

Der komme gjin proefboarringen yn de Waadsee. Dat seit minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken, meldt de NOS. Kamp reagearret hjirmei op it beslút fan enerzjybedriuw ENGIE om ôf te sjen fan proefboarringen by Skiermûntseach. De fergunningen wurde weromjûn.

De Ried fan Steat hie krekt bepaald dat de boarringen wol trochgean mochten, om't de fergunnings terjochte útjûn wiene. "Maar een vergunning is geen verplichting. ENGIE heeft gezegd geen gebruik te zullen maken van de vergunning. Dat betekent dat in het hele Waddengebied geen nieuwe mijnbouwinstallaties mogen komen'', sa seit Kamp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)