"Fryske ûndernimmers binne te beskieden"

Fryske ûndernimmers hawwe net genôch lef en ambysje en dat moat oars. Dat seit deputearre Sander de Rouwe by op de earste byienkomst fan syn MKB-tour troch de provinsje. Hy neamt it ek wol it 'sûkerbôle syndroom', wat betsjut: beskieden bliuwe. De Rouwe makket dêrom op it stuit in saneamde MKB-tour troch de provinsje om Fryske MKB-bedriuwen te benaderjen ambisjeuzer te wurden.
Lytse bedriuwen
Hy fynt dat benammen lytse bedriuwen mear yn aksje komme moatte. It doel moat wêze om de omset te ferdûbeljen en net de ynstelling te hawwen fan: 'it is goed sa't it is', sa seit de deputearre. Neffens him kin allinnich Fryslân sa ek ynternasjonaal in grutte spiler wurde.
Strange regels
Mar ûndernimmers sizze dat ambisjeus wêze sa maklik noch net is. Sy rinne bygelyks tsjin in soad saken oan, sa seit ûndernimmer Eric van der Zee op de MKB-byienkomst yn Wolvegea. Neffens him binne benammen de strange regels by subsydzjes in probleem, it safolste loket en de tiid dy't it yn beslach nimt.
Stipe
De Rouwe seit no mei konkrete plannen te kommen om de bedriuwen te stypjen om mear te ynnovearjen en te eksportearjen. Hy seit dat de provinsje de bedriuwen persoanlik benaderjen giet en wol de somtiden strange regels wêr't de bedriuwen no tsjinoan rinne ferienfâldigje.