Marit én Sanne útroppen ta Sportfrou fan Fryslân

15 feb 2017 - 21:54

In primeur woansdeitejûn by it Frysk Sportgala op It Hearrenfean. Sawol turnster Sanne Wevers as sylster Marit Bouwmeester binne útroppen ta Fryske Sportfrou fan it Jier. Dizze titel is noch nea earder dield troch twa sporters. Wevers waard foarich jier Olympysk kampioene op de balke. Bouwmeester ferovere goud yn de Laser Radial-klasse.

By de manlju waard hurdfytser Pieter Weening ferkeazen ta Frysk Sportman fan it Jier. Weening wûn ôfrûne jier de Ronde fan Noarwegen en de keninginnerit yn de Ronde fan Switserlân. 

Parasportfrou

Ek yn de kategory Parasportfrou fan it Jier binne twa sporters as winner út 'e bus kaam. Liesette Bruinsma en Alyda Norbruis krigen dizze titel allebeide. De bline swimster Bruinsma wûn twa kear goud, ien kear sulver en twa kear brûns by de Paralympyske Spelen yn Rio. Norbruis wûn dêr twa gouden en ien brûnzen medalje.

Parasportman

Tristan Bangma is de Parasportman fan it Jier. Hy wûn goud by it baanhurdfytsen by de Paralympyske Spelen. De oare nominearren wiene swimmer Olivier van de Voort en fuotballers Teddy Witjes en Stefan Boersma.

Oeuvrepriis

De Oeuvrepriis waard wûn troch Bart Helmholt. De fierljepper waard yn syn karriêre mar leafst sân kear Frysk en Nederlânsk kampioen en ljepte foarich jier in nij Nederlânsk rekôr: 21.64 meter. De priis wurdt takend troch de provinsje Fryslân op foardracht fan 'e faksjuery. By de oare kategoryen mocht it Fryske publyk har stim útbringe.

Fryske Sporter

Yn de kategory Fryske Sporter fan it Jier gie de titel nei Marrit van der Wal. De fierljepster sprong ôfrûne jier in nij Frysk en Nederlânsk rekôr: 17.58 meter. Ek waard se Frysk kampioen. Marrit naam it op tsjin skûtsjesiler Douwe Visser (De Sneker Pan) en keatser Daniël Iseger.

Sportploech

De frouljus efterfolgingsploech by it reedriden, mei dêryn Antoinette de Jong, Ireen Wüst en Marrit Leenstra, waard ferkeazen ta Sportploech fan it Jier. De oare nominearren wiene de manljus efterfolgingsploech en it Nederlânsk gersbaanteam mei dêryn de Friezen Dirk Fabriek, Jannick de Jong en Theo Pijper.

Talint

Yn de kategory Talint fan it Jier wûn shorttrackster Suzanne Schulting. De oare nominearren wiene de twa judoka's Natascha Ausma en Sanne Vermeer.

Foarich jier giene de titels foar Sportman en Sportfrou nei Sjinkie Knegt en Marit Bouwmeester.

(advertinsje)