Jacques Monasch dochs listlûker fan Nieuwe Wegen

15 feb 2017 - 19:20

Jacques Monasch fan Snits wurdt dochs listlûker fan de nije politike partij Nieuwe Wegen. Yn oerlis mei Alfred Oosenbrug, dy't oant no listlûker wie, is besletten om it listlûkerskip fan de Twadde Keamerlist fan Nieuwe Wegen nei Monasch oer te dragen. De partijlieding fynt dat Monasch mear ûnderfining hat en dat is yn harren optyk yn dizze faze fan de ferkiezingsstriid nedich om it lûd fan Nieuwe Wegen better hearre te litten. Dat betsjut dat Monasch fan no ôf alle aktiviteiten op him nimt yn oanrin nei de ferkiezings fan 15 maart.

Oosenbrug bliuwt wol aktyf binnen de partij. Hy sil him rjochtsje op de finansjele en fiskale ûnderwerpen lykas AOW en pensjoen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)