Nije bewegingsles Moofy yn gebrûk naam yn skoalklasse

15 feb 2017 - 19:01

Bern sitte te lang stil yn 'e les. Dat sizze de betinkers fan Moofy, in nije foarm fan bewegen foar learlingen op skoalle. It idee fan Moofy is dat bern dêrom trije minuten lang ûnder de les bewege kinne op filmkes dy't troch in beamer ôfspile wurde. It makket de learlingen wer skerp foar in folgjende les, sa seit betinker Michiel De Bruijn fan Moofy.

Yn de filmkes binne bekende sporters te sjen lykas Herre Zonderland en Ernesto Hoost, dy't de bewegingen foardogge foar de bern, sa as turnbewegingen en boksoefeningen.

Mear enerzjy en konsintraasje

Basisskoalle By de Boarne út Boarnburgum wurket al mei Moofy en neffens master Arnaud Donker smyt it no al in soad resultaat op. Hy seit dat learlingen faak blokken hawwe fan twa oeren, mar dat sy nei trije kertier dochs wol wat beweging nedich hawwe. Nei sa'n filmke is der ûnder de bern wer mear enerzjy en is it konsintraasjefermogen heger, sa seit master Donker.

Hy hopet dat ek in soad oare skoallen Moofy brûke wolle. Dosinten hoege der fierder net oer yn te sitten dat it tefolle tiid yn beslach nimt fan de les, want der sit gjin tariedingstiid oan ferbûn. ''It is op play drukken en klaar''.

Learlingen Alinda, Ruben en Fleur fan de basisskoalle út Boarnburgum binne ek entûsjast oer de filmkes. ''It makket skoalle leuker'', sa seit ien fan de learlingen.

Trefwurden: 
Moofy beweging skoalle
(Advertinsje)
(Advertinsje)