Asylsikers feroardiele om stellerij Drachten

Oanhâlding © ANP
In 21-jierrige man en in 28-jierrige frou út Algerije binne feroardiele ta in moanne sel, wêrfan tolve dagen ûnder betinkst, foar winkelstellerij yn Drachten.
Ein jannewaris stiel it duo klean en skuon út winkels oan de Noarderbuert. De frou ferbleau earder yn it asylsikerssintrum fan Drachten en har freon yn it azc fan Overloon. It stel wie nei Nederlân flechten, om't de man yn Algerije spul hie om jild. De frou ferklearre de stellerij, om't se yn it azc te min jild krige foar harsels en har bern.
It duo komt dizze wike noch frij, om't se har selstraf yn foararrest al útsitten hawwe. De kâns is grut dat se weromstjoerd wurde nei Algerije, om't it lân as feilich beskôge wurdt.