Behearders Waadgebiet brûke tenei ien logo

15 feb 2017 - 16:52
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Bewenners, bedriuwen en toeristen yn it Waadgebiet sille -as it goed is- fan woansdei ôf mear fernimme fan de gearwurking tusken behearders fan it Waadgebiet. Al dy behearders brûke fan woansdeitemiddei ôf nammentlik mienskiplik it Waadsee Wrâlderfguodlogo.

Mei-elkoar binne der 15 organisaasjes aktyf yn it Waadgebiet, wêrûnder provinsjes, it ryk en gemeenten. Alle auto's, boaten en klean fan de behearmeiwurkers krije it wrâlderfguodlogo.

Woansdeitemiddei om twa oere is der offisjeel by stilstien, mei in gearkomste yn Harns. Dêr is de flagge mei it wrâlderfguodlogo presintearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)