Stoomkursus Fryske skiednis as tarieding op KH2018

15 feb 2017 - 16:29
Kanon Fryske Skiednis

Op it provinsjehûs yn Ljouwert wurdt nije wike in stoomkursus oer de skiednis fan Fryslân jûn. De kursus is in tarieding op 2018, as Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa is. It idee is dat wy Friezen dan gasthear of -frou binne foar de besikers oan ús provinsje. Om dy ek wat fertelle te kinnen oer de skiednis fan Fryslân, hat histoarysk sintrum Tresoar de stoomkursus betocht.

Dy wurdt nije wike tongersdei jûn, tusken healwei ienen en healwei twaen. Elk is wolkom, de kursus is yn it Frysk.

(advertinsje)
(advertinsje)