UPDATE: Plysje ûntmantelet growshop yn Drachten

15 feb 2017 - 15:53
Yn in growshop oan de Roef yn Drachten docht de plysje ûndersyk - Foto: Srfotografie

De plysje docht op it stuit ynfallen op ferskate lokaasjes yn ferbân mei in grut ûndersyk nei himptylt en wytwaskjen. Under oaren yn in growshop oan de Roef yn Drachten docht de plysje ûndersyk. Fierder binne der ynfallen dien oan de Elingsloane yn Burgum, de Eesterweg yn Doezum en de Master Zuidemastrjitte yn Haulerwyk. Der is ûnder oaren himp, jild, administraasje, en guod om himp te telen yn beslach naam.

Fiif minsken binne oant no ta oanhâlden. It giet om in 35-jierrige man fan De Gordyk, in 54-jierrige Drachtster, in 28-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean en in man (56) en frou (52) út de gemeente Grootegast.

Trefwurden: 
growshop Drachten plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)