Provinsje subsidiearret kursus foar Fryske motorriders

15 feb 2017 - 15:42

Fryske motorriders dy't ekstra rydles folgje wolle, krije dit jier in flinke subsydzje fan de provinsje. It giet om in gearwurking fan belange-organisaasje KNMV en de provinsje. Se wolle it motorriden graach feiliger meitsje. Motorriders wurde útnûge in kursus fan ien dei te folgjen by it ferkearsedukaasjesintrum yn Drachten.

Ynstrukteurs litte dan de meast foarkommende oarsaken fan ûngelokken mei motorriders sjen. Dêrby wurde bygelyks fideobylden brûkt. Gewoanwei kostet sa'n kursus 250 euro, no hoege motorriders mar 50 euro te beteljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)