Lichem yn auto fûn yn Harnzer Feart by Wytmarsum

15 feb 2017 - 15:42

De plysje hat woansdeitemiddei in lichem oantroffen yn in auto yn de Harnzer Feart by Wytmarsum. It giet om in man. It liket der neffens de plysje op dat de auto al wat langer yn de Harnzer Feart by de Hemerterlaan lein hat.

De plysje ûndersiket noch hoe't en wannear't de auto yn it wetter rekke is.

(advertinsje)
(advertinsje)