Gjin nijbou foar statushâlders yn De Fryske Marren

15 feb 2017 - 14:56

De bou fan tydlike wenningen foar statushâlders yn De Fryske Marren is fan de baan. It plan foar de tydlike wenningen soarge de ôfrûne tiid foar behoarlik wat opskuor yn de gemeente.

It idee wie om op acht lokaasjes yn ferskate doarpen tydlike wenningen del te setten. Dat wie nedich om it grutte tal statushâlders - asylsikers mei in ferbliuwsfergunning - ûnderdak te jaan. Mar it is de wenningkorporaasjes slagge om dochs genôch besteande hierhuzen te finen foar dizze gesinnen.

Boppedat is de ynstream fan flechtlingen in stik lytser as ferline jier, wêrtroch der de kommende tiid minder huzen nedich binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)