De stim fan Peter: ''It roer moat om''

08 mrt 2017 - 06:45

''Ik tink dat Wilders de grutste wurdt, it roer moat mar om!'' Dat seit Peter van Leijen (47) fan De Westereen. Peter stimde altyd PvdA, mar docht it dit jier oars. ''Wy moatte mear om de eigen minsken tinke, en minder bûtenlanners hjirhinne helje'', sa seit er. ''Ik bin opgroeid mei de PvdA, mar dat is ek neat mear. Dit jier krijt Wilders myn stim.''

Van Leijen hat net in soad fertrouwen in de polityk yn Nederlân. ''Ja-knikkers binne it'', sa seit er. ''It is krekt as Trump seit: America First. Nederlân moat hjir ek wer op ien komme, en dan pas Europa. Dêr giet sa allemachtich folle jild nei ta.''

De stim fan...

Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezingen. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezingen op ús ferkiezingsside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)