De stim fan Hillie: ''Je dogge der neat oan''

27 feb 2017 - 06:45

''Oeral wurdst ôfwiisd, allinne mar omdatst te âld bist. Je dogge der neat oan'', sa seit Hillie de Haan (63) fan Drachten. Hillie wurket yn in kringloopwinkel yn Easterwâlde en tinkt dat it yn Nederlân net de goede kant opgiet. ''Ik tink dat it hieltyd stranger wurdt'', sa seit se. ''Wêr komme we telâne? De jongeren moatte aanst de âldere minsken wer ûnderhâlde.''  

Hillie hat net folle fertrouwen yn de polityk. Wol bringt se by alle ferkiezingen har stim út. ''Wat moatte wy der oan dwaan? Wy hawwe der dochs gjin ynfloed op. Der binne safolle regeltsjes. No moatte wy ek wer oant ús 67ste wurkje, foardat wy pensjoen krije. Mar ach, je moatte gewoan trochgean. Der moat dochs iten op 'e tafel komme.''

De stim fan...

Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezingen. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezingen op ús ferkiezingsside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)