Fakbûnen gean net akkoart mei nije CAO kreamsoarch

© ANP
De fakbûnen stimme net yn mei de nije CAO foar de kreamsoarch. De reden: se kinne harren net fine yn de reiskosteregeling út it akkoart. Twa moanne lyn berikten de fakbûnen mei wurkjouwersorganisaasje Bo Geboortezorg in ûnderhannelingsakkoart.
De fakbûnen wienen ek posityf, mar doe't se it akkoart oan har leden foarleinen, die bliken dat sy hjir net sa bliid mei wienen. Dêrom wize de fakbûnen it akkoart no dochs ôf. Hoe't it no fierder moat, wurdt meikoarten bepraat.