Yn Fryslân achttjin basisskoallebern skorst

15 feb 2017 - 13:30

Yn Fryslân binne it ôfrûne jier achttjin basisskoallebern skorst. Dat stiet yn in rapport fan de ûnderwiisynspeksje. Mei dy achttjin rint Fryslân lyk mei de measte oare provinsjes. Oer it generaal soe it tal skorsingen mei 61 prosint tanommen wêze yn fergelyk mei in jier earder. Dat hat lykwols foar in grut part te krijen mei nije regels. Sûnt 1 augustus 2014 moatte basisskoallen de skorsingen ferplicht melde. Dêrfoar barde dat net altiten.

Albert Helder, direkteur fan ûnderwiiskoepel Proloog yn Ljouwert, tinkt lykwols wol dat der in lytse taname fan it tal skorsingen is. "Ik tink dat skoallen yn dizze tiid wol earder en dúdliker in streek lûke." De measte bern dy't op de basisskoalle skorst wurde, hawwe gedrachsproblemen. Se wurde bygelyks agressyf.

Helder seit mei klam dat de skorsing in uterste maatregel is en bliuwt.

Trefwurden: 
basisskoalle skorsing
(Advertinsje)
(Advertinsje)