Frijwilligers sette amfibyen feilich de dyk oer

By Noardwâlde-Súd en Beetstersweach binne frijwilligers de kommende wiken wer drok dwaande mei it oersetten fan podden en kikkerts. Woansdei binne de roasters pleatst dy't foarkomme moatte dat de bistjes de dyk op reitsje en deariden wurde troch auto's en frachtweinen. By Noardwâlde-Súd giet it om de grutste populaasje kaamsalamanders fan Nederlân.
De kommende wiken wurde dy wekker út har wintersliep en lûke de bistjes fan de bosken út nei it wetter. Oan de râne fan de dyk wurde se no opfongen yn amers. Frijwilligers leegje de amers ien kear deis en sette de salamanders en podden wer út oan de oare kant fan de dyk.