Arno Brok beëdige as kommissaris fan de Kening yn Fryslân
Arno Brok is woansdeitemoarn offisjeel beëdige as kommissaris fan de Kening yn Fryslân. Dat waard dien troch Kening Willem-Alexander op Paleis Noordeinde. Brok lei dêrby de eed ôf yn it Frysk.
De nije kommissaris begjint 1 maart offisjeel mei syn wurk, op dit stuit is er noch boargemaster fan Dordrecht. Brok wie earder boargemaster fan Snits en wethâlder yn Ljouwert.