ENGIE sil net nei gas boarje by Skiermûntseach

15 feb 2017 - 11:29

Enerzjybedriuw ENGIE sil net nei gas boarje foar de kust fan Skiermûntseach. ENGIE hie fan minister Kamp in fergunning krigen foar proefboarringen yn de hjerst fan 2017 en 2018. It bedriuw jout de fergunningen werom oan it Ministearje fan Ekonomyske Saken. Der wie en is in protte protest en aksje tsjin dizze fergunning. De Waadferiening, Natuermonuminten, Nationaal Park Schiermonnikoog en de gemeente Skiermûntseach hawwe beswier oantekene tsjin de gasboarringen boppe it eilân.

Ek hast 400 ûngerêste boargers, de wurkgroep Horizon Schiemonnikoog, giene yn berop. In mearderheid fan de Twadde Keamer spruts him earder ek út tsjin gasboarringen by Skier.

De Ried fan Steat bepaalde woansdei krekt dat it bedriuw wol trochgean mocht mei de proefboarringen. ENGIE sjocht dy útspraak as in befêstiging fan it soarchfâldige tariedingsproses dat folge is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)